It HeitelÂn
Dêr `t de dyk it lân omklammet Lyk in memme earm hjar bern, Dêr `t de wylde sé jamk flammet Op in hap út Friso`s hern`, Dêr `t men eanget fen gjin weagen, Dêr is `t ljeave Heitelân.
Dêr `t Reaklif sa swietkes lonket Yn `e jountiidssinneskyn Dêr `t it bokweitblomke pronket Twisken heide en beamgûd yn Dêr `t de Aldehou syn brommen Uren fier sins dreunt yn `t roun Dêr `t it tilt fen fé en blommen Dêr is `t oeral Fryske groun
Dêr `t hjar froed de geaën spriede Twisken Lauwers, Linde en Flie Rêstisch drôgjend, of `t op ierde Rounom noft en frede wier Dêr `t de groun de soargen leannet Fen de minsken warb`re hân Dêr `t de men frij en feilich wennet Dêr is `t ynljeaf Heitelân
Lit ús tinke oan âlde tiden Ieuwen fol fen lêst en noed Kriich tjin frjemdfolk, fjuchtsjen,striden Wrakseljen mei wetterfloed Dêr `t Dy `t âlde folk biwarre Dreech tjin stoarm en twingerij Dêr scill `wy, as Friezen, swarre Aldfaers erf, wy weitsje oer Dy!
|