Vooraf: Dit artikel is in Hindelooper dialect geschreven. (Mogelijk komt nog eens een Nederlandse versie)
Streetnemmen yn Hylpen
Hylpen he frûger in eigen pagina yn de Blakster Courant. Yn 1980 ferseke de redakje fan de Balkster Gosse Blom, die go thús is yn de geskiedenis fan Hylpen, om de streetnemen fan Hylpen te beskriuwen. Yn in serie fan 7 ôfleaveringen het hy dé de streetnemmen yn Hylpen beskrient. Yk hewwe mént dòt, deze krante artikels van Gosse, naat ûntbrekke môchten yn dit boek oer Hylpen.
Krante artikels fan Gosse Blom
(Gosse Blom is 02-11-2014 overleden)
Fôr 1950 wied fôr de postadressen Hylpen indeald yn tré wyken, b.v. A50, B100 of C34. Dot beteakent naat dot de streetnemen ûnbekent wieden. Yn de argyven fan de gemeente binne genoch nemmen te fynden, mar omt jyn naat offisyeel wieden feroaren er wol gaeris nemmen fan (fôral steagers). It kôm ek fôr dot der mear as een nemme fôr desolde strete brûkt waart. Yn 1950 ys de Hylper ree der tô oer geenzen de streetnemmen offisyeel fest te stellen. Fôr de nemmen búten de beboude kóm barde dot fiiuw jier letter . B en W heeën advys ynwond fan it bestier fan de Hidde Nijlandstichting en op nii waarden alle advysen tróch de ree oernómd. Der waard beslúten twaataelige nemboardjes yn te foeren. Dr.B.de Boer, dyt in prûfskrift skrient het oer de Hylper taal, fersurge it Hylper oendeal.
Nó it kómôf fan in tal nemmen:
Boerren (Buren) Der wot tôt dot de Boerren it éaldste gedealte fan Hylpen ys.Bûren ys synóniem mei it Fryse buoren, het mestal de kern fan in dörp oentiat.Oent t eend fan de strete steat de Greatserke en de strete óm de serke heet Serkstrete.
Serkstrete (Kerkstraat) De Sytúaesje fan nó wykt ôf fandy fôr 1950. Dê wied de stret wur 0t nó de Spinhusstrete ys de Serkstrete. De buert óm e serke henne waard Kerkbuurt en ek wol Kerkhof nemme. De Kerkstraat ys yn éalk gefal in aalden nemme. In 1590 steat der al een Kerckestraete yn e boken.
Toenen (Tuinen) Dy neffens de Tegenwoordige Staat eertyds gebruikt werd omr keukenvruchten te zaaien en planten
Klinten .Dizze nemme mûte ferklaerjen as de fôrige. De gelearden binne it er naat oer eens. De Tegenwoordige Staat haalt it op in soarte fan skaansen, dienende om de stad voor t geweld van vijandelijke aanvallen te dekken.Oaren tynke oen it Fryse word klinte het in soarte hut betait. Misskien hewwe der frûgerearst hutten steenzen.
Frûger waard de strete fan de Thomasbrêge oen de Aest to Klinten nêmme. Dot soed beteakenje dot de Thomasbrêge en de Skoelestrete jûnge nemmen binne.
De Kalestrete (Kalverstraat) Die ys wierskienlyk nei de bekende Amsterdamse Kalverstraat nême, ken yk naat fôr 1900 yn e boken fende en T.v.d.Kooy het nemme selfs naat op e kaarte fan synbook DeTaal van Hindeloopen sotten.
De Skoelestrete (Schoolstraat) waard frûger wolris brûkt fôr de strete fan de Wipbrege ôf nei de Toenen. Mar dê wied de skoele oars syteweare.
Aalde Weide De weide wied destiids een fan de meenskarren. Dêt yn de 17de iea de Niie Weide beboud waard krige de strete fan de Thomas brêge ôf de nemmen Aalde Weide.
Galge Polle Yn 1980 het dizze strete syn nemme krigen. Derfôr hearde it by de Toenen. Yn 1950 heeën B&W al de nemme Galgepolle fôrsteld, mar yn de reedsfergaedering staakten de stemmen en it fôrstel waard ynlûkt. Der binne gin oenwizingen wenne t de nemme ûntsteenzen ys. De kronyken tynke oen de tiid fan Schier en Fet ómdot it dé in ûnrestigeperooade wied. Der kin ek tôt worde oen de 80 jierige ôrloch. De skermutselingen binne Hylpen dé naat ferby geenzen. Lykwols binne gin gegeavens fôrhenden dot der oait daafônnissen yn us stea ten utfoer brôt waarden en de nemme kómt pas let yn e proklamaesjeboken fôr (bgl.Yn 1732 as Galgeeilandt), dot sódwaende ys it ûnwis hó ot de nemme yn gebrûk rekke ys.
Niie Wei En it Gemeenteferslach fan 1852 steat it folgjende: In 1852 zijn twee stegen vervloerd, is het zgn dominés steegje uitgenomen en inplaats daar van een weg gemaakt, loopende, regt uit de steeg, die begint bij Nieuwe Weide en over de Oude Weide en Jollingbrug gaat naar het kerkhof. Omdot de grätste feroaringen yn e buert fan de Galgepolle oenbrôt waarden, meie wy oennimme dot de nemme Nii Wei by dy geleagenheid fôr it earst fôrkôm.
Spinhusstrete Oen de wei dyt nó Spinhússtrete heet het frûger in spinhus steenzen. It waard yn 1879 opheft, ómdot der dé mear wörk fôrhenden kôm as yn de tiden derfôr. Selfs kôm it fôr dot it Spinhús fôr de wörkgeleagenheid it enichste plak fan belang wied. Deróm ys it te begripen dot men de nemme Spinhússtrete fôrsteld het, ûndanks dot de nemme naat yn e boken fôrkôm en de strete altyten as Serkstrete oentiat wied. De fôrstep óm in spinbaen op te richten waard nómt troch in kómmisje út it steedsbestier, de Herformde en de Menniste Gemeente (1786). It geeng der óm de fonsen fan de êrmsurch het te sparjen. Ek waard der oproep deend óm de meensken jint bêdelen te ferwizen nei de spinbaen. Dê t de tiden tige min waarden, wied it spinhus sóms de enichste útkômst. De fôrstep óm in spinbaen op te richten waard nómt troch in kómmisje út it stedsbestier, de Herformde en de Menniste Gemeente (1786). It geeng der óm de fonsen fan de êrmsurch het te sparjen. Ek waard der in oproep deend óm de meensken jin 't bêdelen te ferwizen nei de spinbaen. D ê 't de tiden tige min waarden, wied it spinhus sóms de enichste útkómst fôr de workgeleagenheid. It dêptepunt krygen wy yn 1848 de 't HyIpen in tiid lang gin hemp oenfoerd kryge en dê hee men yn 'e Serkstrete ek niks mear te dwaen. It stedsbestier nôm in dramaetyse beslissing. It sotte yn twaa deiblodden in advertensie óm bydregen te freegjen fôr de ermesurch.Letter kôm der wur work (naat allonnich de spinbaen) en faend men dot it spinhus oerboadich waard.
Dykwei En e trytiger jieren ys de Dykwei oenleid. De nemme sol gineen swierricheaden jôn óm de ferklearing derfan te fynden. Miiskyn hee de nemme oars west as de advyseurs wetten heeën dot oent en mei de 18de eau der ek in strete wied en de nemme Noordeg (erder Oorig) hee.
Toenensteager For 1950 wied der in oare nemme oerleavere dy't sommige fan us jitte wol bekend ys, tynkt my. Op 't Hylper wied dot de Brak; op it Hollaanse steat yn 'e boken Barok. De nemme mut ôfkómstich weze ut 'e Fraanse tiid dê 't wy der in barak kreeën.
Monlestrete Yn 'e buert fan dizze wei het frûger (oen 1815 tó) in monle steenzen. As wy de gegeavens fan de ferskillende jin't der yn 'e ron fan de tud ferskynd binne, leauwe meie (en dat kenne wy restich dwaen) den het de monle op fèuwer ferskillende plakken yn HyIpen steenzen: It Fondelingeplein, de Saalterii op 'e Klinten, op de Aesterdyk yn 'e buert wur't nó it parkearterrein ys en oen de westkaant fan Hylpen. Fôr 1950 steat it Molenpad só nó en den yn 'e boken (1910 en 1918) mar den wol op in oer plak as de Monlestrete. Yk hew fan in Hylper es opkrygen dot dot It Hyngstepad wol es wêze kôst. Yk soe ús lezers jin't der meer fan wette, freegje wolle óm my jerre gegeavens troch te jaen.
Van Meekerensteager Der ys mar één strete dy't ferneme ys nei in persoan en der binne wy no belande. Frederik (Frits) van Meekeren (1872-1958) wied turfskipper en het ek wol oen'e hansjoawerfiskerii meideend. Hy is bekend worden as skipsmódelbouwer. Workstikken binne û.o. te sên yn 'e Hidde Nyland Stichting.
Burensteager Frûger hee de steager mestentiids gin nemme. Hobma's Steeg komt wol es yn 'e argyven for.
Niinste (Nieuwstad) Sót ut de nemme blyken dweit, binne wy nó by in jûnger gedealte fan de stead oenkómd. Yn it earste part fan de 17e. iuw geeng it ynwennertal yn Hylpen ómhaich, fôral tróch de tónaime fan de Oastseahandel. It gefolch wied, dot der rûmte fôr ûtbreiding fan de stea noadich wied. Hó't dot tó stand kôm kenne wy lêze yn de Tegenwoordige Staat van Friesland: ,,De (...) Stad (
), welke in 1638 en volgende jaaren, is uitgelegd en vergroot met dat gedeelte, welk aan den Zuidkant der Zylroede ligt, en bestaat uit de Nieuwe Stad, Nieuwe Weide en ,Dubbelstraat. Den grond, waarop hier de huizen staan, als ook dien van de Molenaarsvaart, heeft de Magistraat, by verdrag voor Kommissaris uit den Hove, aangehandeld van de eigenaars, voor de somme van 2510 Kar. Guld. 8 st. en 8 p. (. .). De Magistraat, dus eigenaar van den grond zynde, liet denselven allereerst afdeelen in zo veele vakken, om huizen op te bouwen, als de ruimte toeliet, en verkocht dezelve vervolgens by Strykgeld aan de Meestbiedenden, wanneer ze zoveel opbragten, dat de Stad in staat gesteld wierd, om met de overwinst de geheele Kerk (Graetserke G.B.) te betaalen, die in den jaare 1632 gebouwd was, en over de 14000 guld. gekost had.
" It ken best wêze dot yn dy tijd it gehele gebyd twiske de Sylroede en de Meenskarwyken as ,,Nieuwe Stad" oentiat waard want yn 'e boken komme ek wol es oare nemmen fôr, bgl. Yn 1647 ,,Sinte Pijtersstraet". Yn 'e fôrige iuw kómt só nó en den , ,Schippersstraat" fôr en it soed best wêze kenne dot der yn dy strete in sôd skippers wenne hewwe. By de Yndyks brêge leit in pleintjen dot ,,Vondelingenplein" heet. De ree het kortlyden syn fiat oen de nemme jûnd (De nemme ys naat ,,offisyeal"). Op 'e kaarte fan Schotanus (1664) steat ,,'t Kerkhof voor de vondelingen". Yn it proklamaesjebook fan 1647 steat in oaren nemme: Nieuw Kerckhof. Van Paulus van der Kooi (1871-1948) hewwe wy Nii Serkhof oerleavere krygen en it soed my naat ferwûnderje as der jitte Hylpers binne jin't dy nemme frûger woles heard hewwe.
Wipbrêgesteager. Dy strete rónt fan 'e Nyste ôf oer de Wipbrêge (of Skoelbrêge), oen de Toenen tó. Nó wette wy meieen wur't de nemme weikómd. Der binne wol twaa nemmen fôr de brêge yn ómloap ,,Skoelbrêge ys jûnger as ,,Wipbrêge.
Wiedestraat. Hylpen hee frûger nougen skarren ( deeleen gemeenschappelijke weide). Een fan de skarren wied de Weide. In 1950 binne der trê streten nei dy skar ferneme. Yn it utbreidings plan dy't een de Greft tó reeks binne twaa streten mei ,,Weide" betôt, t.w. Weidestraat en Stadsweide.
Stadsweide Lik os Weidestraat
Meenscharsweg De Meenskarswei wied lykas de Weide in skar. De Meenskarswei ys syteweare yn plan Sud wylst de skar oen 'e oare kaant fan de Yndyk laei (Van der Kooy nê met yn syn book it laand der't nó it niie fûtbalféald leit: Earste Meansker). Lykwol faend it gemeentebestier it naat beswierlik om de Meenskar yn plan Sud te fernêemjen.
Hanzestraat Yn dit ferband betiat ,,Hanze" it ferbónd fan de Dútse en Noardeuropease handelssteaden (fan de l3de oant de 18de eau) der't, Hylpen in tiid mei te kriien hênd het.
Kreilerstraat De mesten fan ús solle wol es lêsd of heard hewwe fan it bosk ,,Kreil dot fruger bestooch. Neffens de Encycilopedie van Friesland (1958) laei it bosk twiske Ynkhuzen, Stearum en Tessel. By it unstaen fan 'e Súddersea geeng it bosk ferlórnd. Lete wy es sên het deroer yn de Tegenwoordige Staat van Friesland steat: ,,(
..) De Koningen en Prinsen. Van Friesland, oudtyds hun hof houdende te Stavoren, (plagten) zich met de jagt te verlustigen in het Bosch de Kreil, gelegen ten Westen en Noordwesten van Hindeloopen, doch van overlang in Zee veranderd, (
..). 'Dewyl nu in 't gemelde Bosch zich veele Herten en Hinden ophielden, zal men aan die plaats en dus aan deeze Stad, by vervolg den naam van Hindeloopen gegeeven hebben". Dot is neffens dit boek mear den toezen jier lyden. De tiid dê 't éalkeneen de geavens út 'e kronyken (der't it leste ferhael út úntlêndê ys) fôr wier oennm, ys fôrby. Wy hewwe te min gegeavens fôrhenden, om krekt te wetten hót de sytewaesje der dê krekt henne laei. Itsolde jéaldt ek, fôr de nemme ,,Hindeloopen". De gelearden binne oer It kómôf derfan, it lang naat meiïnerm ees. Der binne minstens fiuw teoryen jin't serieus besiend worde kenne. Yn éalk gefal, It bósk Kreil (het neffens prof. Buma te kriien het mei ,,rijshoutt") het besteezen en de nemme ys teròcht betôt by de streetnemmejouwing.
No gaene wy nei het fôr streetnemmen der west hewwe jin't joo- de-dei naat mear brukt worde. De meste nemmen kenne wy fynde yn it- gemeente~argyf of e proklamaesjeboken jin't yn Leauwert bewarre worde. Teavens kômme we yn it book fan T. van der Kooy nemmen fôr jint naat mear yn gebrûk binne. Fôrdot der offysyeale nemmen wieden waarden streten, fôral steagers, nême nei meensken jin't der wennen. Ferhuze dy man (nemmen fan froulied he'k naat fonden by de streetnemmen, wol by brêgenemmen), den feroare de nemme nei ferrón fan tijd.
Earst besêne wy inkele nemmen fan streten der't wy naat krekt fan wette wur't dy wied (twiske haikjes it jiertal neffens it fyndplak yn de boken).
Hering geerts steyger (1624)
Sasker Palses hoek (2e helt 18e eau). Yn de tegenwoordige staat van Friesland kenne wy hiroer het te wetten kômme: ,,wanneer
in 1775 en 1776 de vloeden der zee zo hoog liepen dat de molen (Dy stooch de op 'e dyk by it perkearterrein, G.B.) en 't molenaars huis, daarby, niet weinig leeden, en in merkelyk gevaar raakten, werd dezelve
. verzet in sasker palseshoek.... en waar toe de grond aan de eigenaaren van den Molen door de stad is geschonken. Hirút dweit blyken dot Sasker Palseshoek syteweare wied yn 'e buert fan de Monlestrete
Saling Douwes steeg (1748). Dit mut in part fan de steager dy't nó likje Weide heet, west hewwe.
Luitjesstraat (1819)
Pieter wiebesweg (begôn dizze eau). De wei ys nême nei Peter Wybes (1707-1781) skipper fan de , ;,Sint Petersburg".
Kaspers steeg (1782). In steager dy't wierskynlik fan de Bûren nei de Noordeg rôn.
Der binne ek streten jin't wy nei wissichheid te plak brynge kenne:
Hobma's steeg (1881), Nó Bûrensteager. By T. v.d. K. steat Sierke Steeger. Misskyn ys by beide brónen de steager nei desolde persoan fernóme.
Andries Bakker-steager (neffens v.d.K) nó de steeger by bakker de Jong. (Achtfutten steager)
Douwe mottenssteager (neffens v.d. K.) Nó Stutsteager.
Kattebrêgesteager (1937). De steager rôn fan de Kattbrêge ôf oen de krúsing mei it Hyngstepad tó. Dizze opgaive kômt .allônnich for yn it book fan van der Kooy.
Dominé steeg (1852). In steager yn'e buert fan de graetserke.
Wolkammersteeg(1854). Dot wied de Likje Weide fan de Nije weide ôf oen 'e brêge tó. Yn 'e fôrige eau stooch der in wolkammerii op de nijste; de wolkammer wenne op de tjiantwordige Likje Weide.
Wewersstraet (atlas schotanus,1664) Lykas de twaa forgeande nemmen het dizze strete te kriien mei in beroop. Wierskynlyk het der frûger in weaver wenne, Yn ,,Merkwaardigheden van Hindeloopen wordt de strete ek eaven nême: ,,In het begin der achttiende eeuw bedroeg het getal huizen 530, waarvan er ten jare 1708 reeds 78, en daaronder de gansche Weverstraat bewesten de kerk, waren afgebroken". Dot ken klopje want yn 'e proklamaesje boken kômt de leste fermelding fan ,,Weversstraat" fôr yn 1771.
Yn in listjen mei toponymen út 1727 steat in neisgierige nemme:
De Jode breestraat. De Weaversstrete wordt der naat yn nême en de moaglikheid besteat dot desolde strete der mei bedoeld wordt.
Dubbelstraat. Lôi frûger twiske de Nije Weide en de Brouwerswyken en rôn der eavenwidich mei. De leste kear dot wy de strete op in kaarte oenjúnd sêne ys op'e kadasterkaarte fan 1888.
Tot sofier het os Oosse ien 1980 ien de Balkster Courant skrient het oer de streetnemmen ien Hylpen. For sofier yk neigoon ken het Gose de Stutsteager, Hynstepad, Achtfutten, Wiltjes Klinten, Nije Weide, Likje Weide en de Weidesteager dee naat beskrient.
Stutsteager Oer de Stutsteager, twisken de Nijste en het Achtfutten, ys my niks bekend.
Hynstepad Ek oer de herkomst van de nemme fan het Hynstepad doer yk niks te fertollen. Nei alle gedachten sol it te maikjen he mij in hingst (hingst = paard). Mar dot wet uk naat seker dus waigje yk my naat oen in ferklaering.
Achtfutten Bij it Achtfutten leit it makkelijker. Dit pad langs de Sylroede het sien nemme te dankjen oen sien breedte. Dit pad iis acht voet breed. (1 voet is 28,2 cm) Dus iis dit pad ongeveer 2 meter en 26 cm breed. It skient dot er iin in fier ferleden meerdere sokke paden iin Hylpen fest hewwe. Of jin ek fan de solde breedte wieden iis mii naat dudelijk. Eén son pad, efter it aalde gemeenthus, iis iin de jieren sechtich wur iin ere herstelt. Ooit met dit pad, so ii mii s fertolt trog roont he nei de Westerdijk. De hokjes en skoertje jin in paer meter fan de slaet staen sodden dot ferhael ondersteune. Mar orren sizze wur dot dot pad er nooit fest het.
Wiltjes Klinten Dizze steager leit iin it ferlengde fan de Klinten. De nemme Wiltjes sol nei iik oennem te maikjen he mei in persoon dii ot der wenne.
Niie weide en Likje weide Ek hir sol it solde ferhael fan topassing wezze den het ot Gosse fertolt het fan de Aalde Weide. Jin nemmen solle allegear te maikjen he mei de Meenskarren.
Nest dizze streten en steagers mei nemmen wieden er froeger jitte in oental openbôre paden jin't trochgaens nei ut wetter leiden. In oental jin't bij mii bekent binne sol jik for folleadigheit ek beskriuwe.
Ferdwynde padden
1. Fan ôf de Nije Weide (twisken husnummer 14 en 16) wied in pad nei it wetter efter it Schaatsmuseum (de Brouwerswiik). It schaatsmuseum iis no oer dit pad henne bout.
2. Fan ôf it Hynste pad wied nest it hus Hynstepad 4 in pad nei it wetter de Houwswiik. Dit pad kruste de Wiltjes Klinten.
3. Fan ôf de Boerren staeger flak bij it bregjen ront jitte pad nei Boerrensteager nummer 4. Dit pad wied froeger in openboor pad en rôn langs it soneamde petroleumhus (nu in likhus) nei de krusing Toenen-Hynstepad.
4. Nest de wenning Kalestrete nummer 4 iis in padje nei de Sylroede. It pad iis jitte in takt mar iis no ôfsluten troch in hekjen.
5. Ek de no privesteager twisken Boerren 17 en 19 wied froeger in openboor pad. En iik nem oen dot ek dit pad heel froeger endige bii de der efterlangs ronende slaet. Moglik betreft dit Kasperstaeger wur Gosse het oer het.
6. De Toenenstaeger ront jitte altijd troch tot de Siilroede. Allonig wied forheen op it end van deze steager in los en led plak. Tot de jieren viiftig wied dit it feste lisplak fan de beurtvaarder W.Amsterdam.
7. Oen de Aalde Weide nest de Thomesbrege iis in lik paed nei it wetter. Froeger wied dit it los en led plak fan de gemeentelike husjepraim (praam voor toilettonnen). It pad iis jitte in takt mar wod naat meer brukt os sodonig.
8. Nest de Kattebregge wied/iis ek jitte zon los enled plak. Ek op t end van de Niie Weide (bii de Yndiiks brege) is n los en led plak dot meer de form het van een steppe
Moglik binne der jitte mer fan sokke paden fest. Mar jin binne naat bij mii bekend. Dus hir leet iik it het de ferdwynde padden oen geet den maar bii.
Mar krekt os yn de meste plakken gebad binne der ek ien Hylpen nije huzen bout en streten bij komt. So waad ien de twadde helt fan de naugentiger jieren t so neme "plan Indijk" fol bout. Hir kômen ek twa nije streten.
Nôling De nemme de Nôling waad yn 1996(?) troch de ree feststeld. De nemme komt fan ut stik laand wur de strete op leit. Nôling betekent soks os (?)
Munnik Ek de Munnik kryge yn 1996 (?) offisyeel sien nemme. De Munnik komt fan in saandplaet die yn de aalde Sudersee ten westen (?) fan Hylpen lôi.
Firder het Gosse sich destiids yn sien artikels yn de Friso beperkt tot de streenemmen binnen de bebouwde kom. It Likke my wol aerdig ek it ien en t ore te fertollen oer de nemmen búten Hylpen. Dus by dizze in poging om het to fertollen oer dizze nemmen.
Westerdyk Dòt de Westerdyk oen de westkaant fan Hylpen leit blykt tôt yk wol út de nemme. De Westerdyk begont offisyeel by de Spinhússtrete. Mar sûnt r by de Monlestrete onderbrekt wot troch beplanting likket it dòt dizze wei by de hook Mònlestrete- Aalde Weide begont. De Westerdyk wied forhenne in ,,eigen weg fan it wetterskip Yn 1995(?) geeng dizze wei oer nei de gemeente). De seadyken wôden destiids mei fee beweide. Om it fee te keren stoongen er ferskillende hekken op dizze wei ( De soneemde ,,earste witte hekke wied by de kruzing mei de Niie Weide).Yk tink dot de leste hekken so rônt 1950 ferfangt binne troch rösters. Jo de dei (1999) lizze dizze rösters er jitte mar hewwe gin funksje meer. Ynmiddels steat er langs de hele seadyk un stek om it fee fan de riidwei ôf te halden. Yn de folksmond wot de Westerdyk ek faik de Badsdyk nemme. By Skulenburg geet de Westerdyk oer yn de Skullenburgerwei.
Oasterdyk It ken hest naat oers, den het de nemme al seit, dòt dizze wei oen de oastkaant fan Hylpen leit. De Aesterdyk begont, so bekent wizze sòl, by t Oast en ront troch tot oen de Lange Laene nei Workum. Dit het echter naat altyd so west. Tot 1955 rôn de Oasterdyk mar tot it Dykshusjen. Fanôf it Dykshusjen heette it dé Stasjonswei. Ut leste stik tjentwodige , Oasterdyk, fanôf de spôrbomen tot de Lange Laene, heette dé ????. Kerkt os oen de Westerdyk waad ek de Oasterdyk frûger onderbrekt troch hekken om t fee te keren. Wenneer jin ferdwynt binne ys my naat bekent. Un aald Hylper sizwize die jitte nei dizze hekken ferwiist ys; ,,Hy het jitte nooit búten de hekken west. (Hij is nog nooit van huis geweest)
Súdersaewei Frûger moast men altyd troch Hylpen om fan de Oasterdyk nei de Westerdyk te kommen. Yn 1984 kreeg Hylpen eindlik sien rûntwei. Dizze verbinding twisken de beide saedyken wied in winsk die al jieren libbe in Hylpen. Dé de Weidestrete en de Stadsweide bebouwt waaden geeng men er fanut om ooit us un keer fia de Stadsweide en oer it earste stik laand (no foetbal terrein) de Oasterdyk en Westerdyk meienem te ferbinden.
Letter dé men oen de ôre kaant fan de Grêft geeng bouwen hold men er rekkening mei om de de wei die no Meenscharweg heet ooit s een keer troch te lûken nei de Oasterdyk. Dit fôrnemen ys jitte dúdlik te sein oen de rûmte twisken it serkhof en it earste hûs. Yn 1984 waad de Rûntwei eindelyk realisere yn ruilferkavelings ferbant op it plak wurt no leit. Sient it feit dòt dizze wei de beide aalde súdersaedyken ferbint ys de nemme Súdersaewei n zeer topaslike.
Túnboulaand Dit stikjen wei leit no nest de Súdersaewei en het min of meer de funksje fan fentwei en/of kuierpad. Frûger wied dit un púnpad en en tenne os ûntslutingspad fôr ferskillende stikken laand en de Kaampplaets. Fanôf ut Túnboulaand wied er n likje brege (praktisch op t solde plak wur ot no de rûntwei brege leit) nei de Oasterdyk. Dit wied de soneemde ,,Earste Witte Brege. Sient ut feit dot er oen dit pad (feitelyk ys it gin strete) jitte altyd folkstúntjes binne ys dizze nemme jitte altyd aktueel. Ek waad t Túnboulaand frûger wol oentiid mei ,,de Bouwshuzen. Dit nei it sekstal húzen jin der yn de tritiger (?) jieren bouwt binne en no inmiddels al wur sloapt binne.
Stationswei Dizze nemme sprekt fôr sich. By de Oasterdyk he yk al fertolt dot dizze wei frûger tot oen ut Dykshusjen to rôn. Ut adres fan t Dykshusjen wied tot haelwei de tachtiger jieren Stationwei. No heet allonich t stikjen wei fanôf de spôrboamen tot de Lieuwe Klaases Laene jitte Stationswei.
De Môdelaene (Madenlaan) Made of maden beteakend gemeenschappelijk. Hirmei ys de nemme fan dit pad tôt k al ferklaere. Yk tink dot de hele westelijke helft fan de Wiskepolder (de polder wur de Môdelaene troch henne rônt) oer de Môdelaene mut om by it land to komen. Frûger rôn dit pad naat firder dan effen fôr wurt no it fietspad troch de Haanmeer nei Koldum leit. Fôr de ôrloch 40-45 wied dit pad/strete of laene, ho men it ek mar nemje wol, in modderpad. So rúnt 1950 waad dit pad os in soneme makaede wei ferhade (makaede = macadam = wegverharding van twee lagen steenslag op een ondergrond van keien) Yn de tachtiger jieren waad dit pad yn ruilferkavelingsferband n betonpad.
Fietspad door de Haanmeer Dit fietspad waad yn 1997 ûnleit troch de gemeente (Nijefurd). De oenleiding fôr de oenleg fan dit pad wied n rekonstrutie fan de provinciole wei (N359) nei Koldum. Dit stik wei fan de Hylperhook nei Koldum wied jitte altiid gin autowei. (Ek trekkers e.d. mochten oer dizze wei). Nest dizze wei lôi in fietspad (de frûgere wei nei Koldum òftewòl de Koldumer Laene) Dé yn 1993 de graette wei autowei waad moasten oer t fietspad ek trekkers en bestemmingsferkeer. Dit wied fôr Plaetselijk Belang fan Hylpen en Koldum oenleiding jim sterk te meikjen fôr un fietspad troch de Haanmeer het al jieren yn de planning seet mar jitte nooit utfoerd wied. Nei n heel sôd fiiuwen en saanen kôm dit pad yn 1997 klaer. In echte nemme het dit paad naat.
De Lieuwe Klazes leane Yn 1624 waad t Workumer Niilaand drûch mekke. Tydens de der òp fòlgjende oenliz fan paden en slaeten ys yk de Lieuwe Klazes Leane oenleit. Er ys my fertolt dot deze leane dé ferneme ys nei n uitfoerder fan het wurk der. Of dit echt ek so ys doer yk naat te garanderjen. Wol ys my fan Siep Klaaren bekent dòt dizze nemme yn 1825 al forkomt yn geskriften. En op in aalde karte ut begon 1700 fond yk de nemme Maags Leane. Firder ys r feitelijk naat fulle oer de Lieuwe Klazes Leane te fertollen. Hir ys yn feite it sòlde ferhael fan topassing os dòt fan de Môdenlaen. It enige ferskil ys dòt hir de ferskillende soorten ferharding, jin yn de loop der tiiden brûkt binne, jitte dúdlyk te sên binne. It leste stik, by de seadyk ys jitte onferharde. It middenstik ys ferhade mei pún terwiel ut fôrste stik, krekt os de Môdenlaen, yn de ruilferkafeling betonpad wôden ys. Op t eend fan de Lieuwe Klazes Leane komt men òp e seadyk fan Hylpen nei Workum.
|