
It HeitelÂn
Dêr `t de dyk it lân omklammet
Lyk in memme earm hjar bern,
Dêr `t de wylde sé jamk flammet
Op in hap út Friso`s hern`,
Dêr `t men eanget fen gjin weagen,
Dêr is `t ljeave Heitelân.
Dêr `t Reaklif sa swietkes lonket
Yn `e jountiidssinneskyn
Dêr `t it bokweitblomke pronket
Twisken heide en beamgûd yn
Dêr `t de Aldehou syn brommen
Uren fier sins dreunt yn `t roun
Dêr `t it tilt fen fé en blommen
Dêr is `t oeral Fryske groun
Dêr `t hjar froed de geaën spriede
Twisken Lauwers, Linde en Flie
Rêstisch drôgjend, of `t op ierde
Rounom noft en frede wier
Dêr `t de groun de soargen leannet
Fen de minsken warb`re hân
Dêr `t de men frij en feilich wennet
Dêr is `t ynljeaf Heitelân
Lit ús tinke oan âlde tiden
Ieuwen fol fen lêst en noed
Kriich tjin frjemdfolk, fjuchtsjen,striden
Wrakseljen mei wetterfloed
Dêr `t Dy `t âlde folk biwarre
Dreech tjin stoarm en twingerij
Dêr scill `wy, as Friezen, swarre
Aldfaers erf, wy weitsje oer Dy!