Sûnder wurk
Een gedicht in het Fries
In frou sûnder wurk
Durk krige fan syn baas ûntslag,
dat wie fansels in hurd gelach.
Oar wurk, in nije baan? Och kom,
der rinne al sa folle om
en hy wie al goed fyftig jier
dan bin de kânsen lyts net wier.
Hy koe ek nearne mei te set
want hobby’s nee, dy hie hy net
Skrutel holp hy soms syn frou
en wosk de kofjetafel ôf.
Mar ja krige foar it ferstân
dit rûn alhiel ut de hân.
Hy makket no de bêden op
set dan de keamer op ‘e kop
stof-sugje docht er eltse dei
beruorret de iten-sierderij.
De frou alhiel no út har dwaan,
wit har gjin hâlding mear te jaan
en seit nytlich: “nee net Durk
mar ik, ja ik bin sûnder wurk”.
Van: A. Bergsma






